Fairchild-Republic A-10 Thunderbolt II
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fairchild Republic A-10 Thunderbolt II is in fjochtfleanmasine fan de Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force, USAF). De offisjele namme fan de A-10 komt fan de Republic P-47 Thunderbolt út de Twadde Wrâldkriich, in jachtfleanmasine dy't útsoarte tige goed wie by grûnoanfallen. De A-10 wurdt meast by syn bynamme neamd, "Warthog" ('Warteswyn') of koartwei "Hog".
Republic A-10 Thunderbolt II | |
---|---|
Rol | Jachtbommesmiter |
Makker | Fairchild Republic |
Earste flecht | 10 maaie 1972 |
Yn tsjinst | Maart 1977 |
Ut tsjinst | earne foar 2028 |
Tal makke | 716 (1972–1984) |
Grutste brûker | United States Air Force |
Priis | $ 18,8 miljoen it stik (A-10C, 2015) |
It is it iennige USAF-tastel dat primêr ûntwikkele waard foar it jaan fan loftstipe oan grûntroepen op it slachfjild (close air support). It is spesjaal útrisd foar it ferneatigjen fan tanks, pânserweinen en oare doelen op de grûn.
In twadde taak dy’t de A-10 ferfolle kin, is optrede as fleanende forward air controller; de fleander praat dan oare tastellen nei de doelen op de grûn dy’t oanfallen wurde moatte.
De A-10 is fanwegen syn lange rjochte wjukken mei delbûgde úteinen goed te manûvrearjen by stadich fleanen op lege hichten. Dêrtroch hat er foar start en lâning mar in koarte baan nedich en kin er goed brûkt wurde fan tydlike foarútskode posten tichteby it front.
De A-10 kin sa bygelyks by in leechhingjende bewolking op 300 m, mei min sicht, mei mar 320 km/o operearje en sa sekuer syn doel oanfalle.
De stevigens fan de Thunderbolt II hat him al de bynamme ‘fleanende tank’ besoarge. It kasko hat in huningskiifstruktuer dy’t in soad skea ferneare kin. Alle foar de flecht needsaaklike systemen binne trijefâldich oanlein (in dûbel hydraulysk en ien meganysk systeem). De praktyk hat al útwiisd dat de fleander sels sûnder hydraulyk en mei in foar de helte fuortsketten wjuk noch feilich lânje kin. It tastel hat selstichtsjende brânjetanks en is sa boud dat it mei ien motor, ien sturtflak, ien hichteroer en in hele fleugel noch te bestjoeren is.
Cockpit en dielen fan it bestjoeringssysteem wurde beskerme troch in kûpe fan 400 kilo titanium bepânsering dy’t mear as ien 20mm treffers hawwe kin.
De A-10 kin in mânske lading bommen meinimme en hat in rotearjend 7-loops 30mm GAU Avenger kanon, dêr’t de fleanmasine omhinne boud is om sa mar te sizzen. Om't it kanon goed yn de midden fan de noas te krijen, waard it noastsjel út de midden pleatst.
De produksje stoppe yn 1984 neidat der totaal 715 tastellen boud wienen.
De A-10 is al ferskate kearen by de tiid brocht; it krige tragensnavigatie, Global Positioning System, nachtsichtapparatuer en de Pave Penny laser-doeloanwizer. Fan 2005 ôf waarden alle tastellen mei in oare fleugel, in eigen brânblussysteem, ECM mooglikheden en de tarissing om ‘tûke’ bommen mei te nimmen, op A-10C standert oanbrocht. Dy A-10C fleach foar it earst op 28 jannewaris 2005. Der wurdt tocht dat de A-10 sa oant likernôch 2028 operasjoneel bliuwe kin.