Abilene (Teksas)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Abilene (útspr.: ['æbəli:n]) is in stêd yn 'e midden fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It is it haadplak fan Taylor County, mar in oansjenlik part fan 'e nije bûtenwiken lizze nei it noarden ta, oer de grins fan Jones County. Neffens de gegevens fan folkstelling fan 2010 hie Abilene doe likernôch 117.000 ynwenners. As de lytsere stedsjes deromhinne meirekkene waarden, kaam de befolking fan it stêdekloftsje yn 2011 út op rom 166.000 minsken. Abilene hat in eigen fleanfjild, it Regionaal Fleanfjild Abilene, en fuort bewesten de stêd leit de Loftmachtbasis Dyess.
Fluch de feiten
Abilene | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Taylor County Jones County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 117.063 (2010) | |
Oerflak | 286,5 km² (ynkl. wetter) 272,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 429,9 / km² | |
Stêdekloft | 166.416 (2011) | |
Hichte | 524 m | |
Oar | ||
Stifting | 1881 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 32°27′00″N 99°45′00″W | |
Offisjele webside | ||
www.abilenetx.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Abilene yn (en bûten) Taylor County en yn 'e steat Teksas. |
Slute