Amerikaansk Hynder de Jongere
From Wikipedia, the free encyclopedia
Amerikaansk Hynder (Lakota: Wašíčuŋ Tȟašúŋke, útspr.: [wa'ʃi:ʧũ tˣa'ʃũ:ke]; Ingelske oersetting: American Horse; yn 'e Black Hills (Súd-Dakota), 1840 – Kyle (Súd-Dakota), 16 desimber 1908) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Om betizing mei in oare Amerikaansk Hynder foar te kommen, wurdt er yn 'e regel betitele as Amerikaansk Hynder de Jongere (in gebrûk dêr't de Amerikaanske histoarikus George E. Hyde mei úteinset is). Hy wie in foarstanner fan freedsume relaasjes mei de Amerikanen en kante him tige oan tsjin 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de geastedûnsbeweging yn 't lêst fan 'e 1880-er jierren. Hy naam as ferkenner tsjinst yn it Amerikaanske leger en makke letter in skoft diel út fan Buffalo Bill syn wyldwestshow. Op hegere jierren ûntjoech er him ta steatsman en sette er him yn foar ûnderwiis foar de Lakota-jongerein.
Amerikaansk Hynder de Jongere | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wašíčuŋ Tȟašúŋke | |
oare namme | American Horse | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1840 | |
berteplak | Black Hills (Súd-Dakota) | |
stoarn | 16 desimber 1908 | |
stjerplak | Kyle (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Oglala | |
jierren aktyf | 1876 – 1908 |