Blêdluzen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De blêdluzen (Aphidoidea) foarmje in boppefamylje fan lytse plante-itende ynsekten dy’t har mei stekkende en sûgende mûlstikken (stiletten) passyf fuorje mei soppen út it floëem (krekt as in tal besibbe superfamyljes, lykas ‘wite mich’ bygelyks superfamylje Aleurodidae), It floëemsop streamt troch de seefieren en stiet ûnder hege druk. It wurdt troch de plant yn it itenskanaal fan de blêdlús parse sadree’t de stiletten in floëemier oanprippe.
Fluch de feiten
Blêdluzen | ||
Ferskate stadia fan griene appellús (Aphis pomi) A=Folwoeksen wyfke B=Folwoeksen mantsje C=Unfolwoeksen wyfke D=Aailizzend wyfke E=Aaike. | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | dieren (Animalia) | |
boppestamme: | oermûnigen (Protostomata) | |
rangleas takson: | ferfellingsdieren (Ecdysozoa) | |
stamme: | lidpoatigen (Arthropoda) | |
ûnderstamme: | seispoatigen (Hexopoda) | |
klasse: | ynsekten (Insecta) | |
skift: | healwjukten (Hemiptera) | |
ûnderskift: | planteluzen (Sternorrhyncha) | |
boppefamylje: | blêdluzen (Aphidoidea) | |
Linnaeus, 1758 | ||
Slute