Boise (Idaho)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Boise (útspr.: /'bɔisi/) is de haadstêd en teffens it grutste plak fan 'e noardwestlike Amerikaanske steat Idaho. Fierders is it ek it haadplak fan Ada County. Boise leit oan 'e rivier de Boise en is de grutste stêd yn 'e útstrutsen, mar tinbefolke woastynkrite tusken Salt Lake City, yn Utah, en Portland, yn Oregon. Neffens in offisjele skatting út 2012 (basearre op 'e gegevens fan 'e folkstelling út 2010) hie Boise doe goed 212.000 ynwenners. De stêdekloft dy't bestiet út Boise en de beide oare grutste plakken fan Idaho, Nampa en Meridian, hie yn 2010 in befolking fan goed 615.000 minsken. Boise wie yn 2010 kwa befolkingsgrutte de 99ste stêd fan 'e Feriene Steaten, wêrmei't it sûnt 2000, doe't it noch it 105de plak beklaaide, seis plakjes op 'e ranglist opskood wie. Yn it Amerikaanske Noardwesten (de steaten Washington, Oregon en Idaho) is Boise de trêde stêd, nei Seattle, yn Washington, en Portland, yn Oregon.
Boise | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Idaho | |
County | Ada County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 212.303 (2012) | |
Oerflak | 207,3 km² (ynkl. wetter) 205,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.033 / km² | |
Stêdekloft | 616.561 (2010) | |
Hichte | 850 m | |
Oar | ||
Stifting | 1863 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 43°36′49″N 116°12′12″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofboise.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Boise yn Ada County en yn 'e steat Idaho. |