Bono
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bono, pseudonym fan Paul David Hewson (Dublin, 10 maaie 1960), is in Iersk muzikant dy't yn it foarste plak bekend is as leadsjonger fan de rockband U2. Binnen U2 begûn Bono as gitarist. Hjiryn bliek er net sa goed te wêzen, wêrtroch 't er de sjonger fan de band waard. Fierders is er in ferneamd aktivist en set er him yn foar tal fan ûntjouwingsprojekten foar Afrika.
Mear ynformaasje Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen ...
Slute
Fluch de feiten
Bono | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Bono (2009) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Paul David Hewson | |
nasjonaliteit | Iersk | |
berne | 10 maaie 1960 | |
berteplak | Dublin | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | Sunday Bloody Sunday, With or Without You, Desire, Beautiful Day, Elevation, Vertigo, The Saints Are Coming (ft Green Day), Window in the Skies | |
jierren aktyf | 1976-no |
Slute
Bono is troud mei Alison Stewart en hat fjouwer bern. De húshâlding wennet yn Killiney Hill yn Súd-Dublin.