Braille
From Wikipedia, the free encyclopedia
Braille is in spesjaal foar blinen ûntwikkele lês- en skriuwalfabet. De Frânsman Louis Braille (1809-1852), dy't sels blyn wurden wie doe't er trije jier wie, ûntwikkele en perfeksjonearre dit skrift, oant it yn 1829 as brûkbere metoade brûkt wurde koe op it Paryske bline-ynstitút dêr't hy siet. Pas yn 1854 waard it lykwols offisjeel as alfabet akseptearre.
Braille hie it idee foar in reliëfalfabet grif fan in Frânske militêre útfining út 1819. De artilleryoffisier Charles Barbier ûntwikkele it 'nachtskriuwen', in systeem fan tolwe puntsjes dêr't nachts boadskippen mei trochjûn wurrde koenen.
Braille is in saneamd reliëfalfabet; de letters en oare oantsjuttings wurde mei puntsjes yn it papier drukt, sadat der in lytse ferhegeing fielber is, dy't meit de fingertoppen 'lêzen' wurde kinne. De puntsjes steane op rasters fan 2 by 3 puntsjes (in ferienfâldiging fan de tolwe puntsjes fan it nachtskriuwen), wêrby't yn totaal 63 tekens mooglik binne. Binne by de punten- en streepkeskoade fan it 'morse-alfabet' de meastbrûkte letters it ienfâldichst hâlden, by braille nimt de kompliseardens fan de kombinaasjes ta mei it plak yn it alfabet.
De braillepuntsjes binne nûmere: fan linksboppe nei linksûnder 1, 2 en 3; fan rjochtsboppe neo rjochtsûnder 4, 5 en 6. De puntsjes 1, 2, 4 en 5 wurde brÛkt foar de letters a o/m j (groep 1). Punt 3 komt derby foar de letters k o/m t (groep 2) en foar de oeubleaune letters wurdt punt 6 derby brûkt, útsein foar de letter 'w', dy't Braille as in twaklank beskôge en dy't hy dêrom yndielde by de bysûndere kombinaasjes: twaklanken (lykas de 'ui'), letterkombinaasjes, letters mei aksinten, en lêstekens, wêrûnder ek kursiven, haadletteroantsjutting, sifers, in herstelteken, dollarteken, ensfh. Alle kombinaasjes binne yndield yn 7 groepen. Sifers wurde trouwens oantsjutten troch it siferteken (de puntsjes 3, 4, 5 en 6) foar de letters a o/m j te setten. In haadletter wurdt foarôfgien troch in spesjaal haadletterteken. Ofkoartings as 'NAVO' kinne troch it brûken fan in kapitaalfêst teken oantsjutten wurde mei 5 tekens.