Dûbai
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dûbai (Arabysk:دبي; ek wol transliterearre as Dubai of Doebai) is ien fan de Feriene Arabyske Emiraten (FAE). It is de haadstêd fan it lykneamde emiraat Dûbai. Dûbai leit oan de noardkante fan it grûngebiet fan it emiraat. De stêd wurdt trochsnien troch in srream, in smelle baai fan de Perzyske Golf.
- Dizze side giet oer de stêd yn de Feriene Arabyske Emiraten. Foar it emiraat mei deselde namme, sjoch: Dûbai (emiraat).
De stêd is ferneamd rekke om har heechbou, wêrûnder it heechste gebou fan de wrâld is, de Burj Khalifa, en de eilannen dy't foar de kust fan de stêd opspuite binne yn de foarm fan in palm en in wrâldkaart.