De Offerplingsters
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Offerplingsters, yn it oarspronklike Aldgryksk: Χοηφόροι, Choēforoi, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos of Aeschylus (±525-±455 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer hoe't de bern fan Agamemnon en Klytemnêstra, Elektra en Orestês, inoar moetsje nei't se apart faninoar grutbrocht binne, en hoe't se dêrnei tegearre wraak nimme op harren mem foar de moard op harren heit. It is itselde ferhaal dat ek ferteld wurdt yn 'e trageedzjes Elektra fan Sofoklês en Elektra fan Euripides, al wurdt de stof yn 'e trije stikken ferskillend útwurke. De Offerplingsters heart ta de toanieltrilogy Oresteia, dêr't it it middelste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus yn 458 f.Kr. de earste priis. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
De Offerplingsters | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Χοηφόροι | |
auteur | Aiskylos | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 458 f.Kr. | |
1e opfiering | 458 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Oresteia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Offerplingsters | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |