Der Zauberlehrling
From Wikipedia, the free encyclopedia
Der Zauberlehrling, wat út it Dútsk oerset wurde kinne soe as De Tsjoenderslearling, is in ferneamd gedicht fan Johann Wolfgang von Goethe, dat er skreau yn 1797, mar dat pas yn 1827 publisearre waard, as ûnderdiel fan 'e bondel Ausgabe Letzter Hand. It is in ballade yn fjirjin kûpletten oer de learling fan in âlde tsjoender, dy't fan himsels mient dat er mear wit as dat eins it gefal is. It gedicht fertoant sokke grutte oerienkomsten mei it Gryksktalige koarte ramtferhaal Philopseudes ('Leagenminner'), fan 'e skriuwer Lusianus fan Samosta, út likernôch it jier 150, dat it wol dúdlik is dat Goethe him dêrop basearre hat.
Fluch de feiten
Der Zauberlehrling | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Johann Wolfgang von Goethe | |
taal | Dútsk | |
foarm | gedicht | |
skreaun | 1797 | |
1e publikaasje | 1827 | |
bondel | Ausgabe Letzter Hand |
Slute