Dornier Do 335
Dornier / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dornier Do 335 Pfeil („Pylk“) wie in Dútske jager/bommesmiter út de Twadde Wrâldkriich dy't makke waard troch Dornier. It tastel hie twa linemotors, ien yn de noas en de oare mids yn de romp. De achterste motor hie in ferlingde as fan 3 meter nei de propeller efter de sturt.
De prestaasjes fan de Pfeil wiene folle better as dy fan oare twamotorige fleantugen. Dat siet him yn de lûk- en triuwpropeller en de folle legere luchtwjerstân dy't berikt waard mei it efter elkoar setten fan de motors.
De earste flecht fan it prototype wie op 26 oktober 1943 fanôf fleanfjild Mengen-Hohentengen. Yn 1944 en 1945 ûntstiene der ferskate útfierings: jager, jachtbommesmiter en ferkenner. It tastel hie in sjitstoel.
Totaal waarden der, prototypen meirekkene, sa'n 40 stiks fan de Do 335 boud, dêr't mar in pear fan feitlik brûkt waarden.