De Russysk-Sweedske Oarloch fan 1808 oant 1809, yn 'e regel de Finske Oarloch neamd om dit konflikt te ûnderskieden fan 'e oare Russysk-Sweedske Oarloggen, wie in oarloch tusken it Keizerryk Ruslân en Sweden. It wie de lêste kriich fan in rige oarloggen tusken beide lannen. De oarloch einige mei in oerwinning fan Ruslân en it sluten fan it Frederikshamn-fredesferdrach. It ferdrach ornearre dat Finlân fan Sweden nei Ruslân gyng en as it Grutfoarstedom Finlân in part waard fan it Russyske ryk. De Finske Oarloch kin beskôge wurde as in part fan 'e Napoleontyske Oarloggen.
Finske Kriich |
Ferwûne soldaat fan Helene Schjerfbeck (1880). |
|
datum: | 21 febrewaris 1808 – 17 septimber 1809 |
plak: | Finlân, Sweden |
útkomst: | Russyske oerwinning, Fredesferdrach fan Fredrikshamn |
konfliktpartijen |
|
befelhawwers |
Friedrich Wilhelm von Buxhoeveden, Gotthard Johann von Knorring, Pjotr Bagration, Michail Bogdanovitsj Barclay de Tolly, Nikolaj Ivanovitsj Demidov |
Wilhelm Mauritz Klingspor, Carl Johan Adlercreutz, Georg Carl von Döbeln |
|
sterkte |
24.000 soldaten; tsjin it ein fan de kriich likernôch 50.000 soldaten |
21.000 soldaten |
|
|
|