Galapagoseilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Galapagoseilannen (yn 't koart Galapagos, Spaansk: Islas Galápagos, offisjeel Archipiélago de Colón) is in arsjipel op de hichte fan de evener yn de Stille Oseaan. De eilannen lizze sa'n 1000 km út de westkust fan Súd-Amearika en hearre steatkundich ta Ekwador. De Galapagoseilannen en de omlizzende wetters foarmje sûnt 1959 in nasjonaal park, it Nasjonaal Park de Galapagoseilannen.
De eilannen binne geologysk besjoen tige jong: inkeld mar miljoenen jierren. Se binne fan fulkanyske oarsprong. Der komme in soad unike bisten en planten foar, dy't it eilân faak ferskillende soarten foarme hawwe.