Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Motion Picture – Musical or Comedy) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't sûnt 1952 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange musicalfilm of komeedzjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. De Golden Globes omfiemje twa prizen foar spylfilms; de oare is de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.
Fluch de feiten
Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste lange musicalfilm of komeedzjefilm | |
útrikt troch | HFPA | |
frekwinsje | 1x yn 't jier | |
datum | jannewaris | |
plak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
ynsteld | 1951 | |
1e útrikking | 1952 | |
offisjele webside | ||
www.goldenglobes.com |
Slute