Hagekrûper
From Wikipedia, the free encyclopedia
De hagekrûper (Curruca communis, eartiids Sylvia communis) is in sjongfûgel út de famylje fan hagekrûpers (Sylviidae) dy't rûnom yn Europa foarkomt.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
hagekrûper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Curruca communis | ||||||||||||
Latham, 1787 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
Slute
De hagekrûper is 13 oant 15 sm lang en waacht 12 oant 17 gram. It fûgeltsje fret spinnen, slakjes, beien, ynsekten en larven.
Yn de maitiid rekket it mantsje tige optein, hy fljocht fan takke nei takke, mei de sturt útset en it kûfke opset.
Syn sang is ôfwikseljend mei hastich útstjitten noaten, at er triljend út in hage opfljocht en him dêr dan wer yn weromfalle lit.