Hybride (biology)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yn de biology is in hybride, krusing of bastert it resultaat fan seksuele fuortplanting fan twa ferskillende types planten of bisten. De âlders fan de krusing moatte werkenbere ienheden wêze, lykas:
- Twa erkende soarten, ûndersoarten, fariëteiten, kultivars, rassen.
- Sa is Krúst raaigers (Lolium × hybridum) in krusing fan Ingelsk raaigers (Lolium perenne) mei Italjaansk raaigers (Lolium multiflorum).
- Twa yntylde linen fan rassen.
- Foarbyld: in krusing fan twa yntylde linen fan sprútkoal, mais, ierdbei.