Julie Driscoll
From Wikipedia, the free encyclopedia
Julie Tippetts, berne en bekend as Julie Driscoll (Londen, 8 juny 1947) is in Britsk sjongster, dy't yn de jierren '60 in stikmannich hits hie.
Doe't sy noch jong wie, wie Driscoll al in bekende yn de Londense klups. Sy organisearre de fanklup fan de Yardbirds, en it wie harren manager dy't Driscoll oantrune sels in muzikale karriêre te begjinnen.
Julie Driscoll wie yn 1965 en 1966 by de band Steampacket, mei ûnder oaren sjonger Long John Baldry, toetsenist Brian Auger en Rod Stewart. Yn augustus 1966 die dy band mei oan it Jazzfestival yn it Belgyske Comblain-la-Tour. Yn 1968 skoarde hja in wrâldhit mei har ferzje fan Bob Dylan syn "This wheel's on fire". Mei dit nûmer fertsjintwurdige hja de psychedelyske perioade yn de Britske muzyk. Donovan's "Season of the Witch", die it yn Driscoll's ferzje ek goed.
De solosingles dy't sy ek útbrocht hienen minder súkses.