Karan Armstrong
From Wikipedia, the free encyclopedia
Karan Armstrong (Havre (Montana), 14 desimber 1941 — Marbella (Spanje), 28 septimber 2021) wie in Amerikaansk operasjongster fan etnysk Skotsk komôf. Hoewol't se yn 't earstoan foar pianiste learde, ûntpopte se har ta in talintearre sjongster. Armstrong fertolke ûnder har lange wurkpaad withoefolle rollen. Hja sette har karriêre yn 'e 1960-er jierren yn 'e Feriene Steaten útein, mar wie fan 'e 1970-er jierren ôf ek yn Jeropa aktyf.
Fluch de feiten
Karan Armstrong | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karan Armstrong | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 desimber 1941 | |
berteplak | Havre (Montana) | |
stoarn | 28 septimber 2021 | |
stjerplak | Marbella (Spanje) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | opera | |
sjongtaal | ferskaat | |
jierren aktyf | 1965 – 2016 | |
offisjele webside | ||
Karan Armstrong yn 'e IMDb |
Slute
- Dizze side giet oer de Amerikaanske operasjongster. Foar de Britske publisiste op it mêd fan teology, sjoch: Karen Armstrong.