Katja Kean
From Wikipedia, the free encyclopedia
Katja Kean, echte namme: Sussi la Cour (7 febrewaris 1968), is in Deensk rêstend pornografysk aktrise, dy't letter namme makke hat as mainstream-aktrise, sjongster en moade-ûntwerpster. Yn it begjin fan har pornokarriêre makke se ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Katja Jean, Nina en Sussi. Yn 2002 feroare se har artystenamme om juridyske redens fan Katja Kean yn Katja K, nei't in Deenske famylje dy't echt fan "Kean" hjit, deroer klage hie mei in pornoaktrise assosjearre te wurden. Doe hie se har karriêre yn 'e ynternasjonale pornografy lykwols al beëinige, dat yn it bûtenlân sil se nei alle gedachten altiten bekend stean bliuwe as Katja Kean.
Fluch de feiten
Katja Kean | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Katja K, Katja Jean, Nina, Sussi | |
echte namme | Sussi la Cour | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 7 febrewaris 1968 | |
berteplak | Frederiksberg (Denemark) | |
etnisiteit | Deensk Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1997 – 2000 | |
offisjele webside | ||
www.katjakean.net |
Slute