Kollumerlân en Nijkrúslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kollumerlân en Nijkrúslân, faak ôfkoarte ta Kollumerlân, (Nederlânsk en offisjeel: Kollumerland en Nieuwkruisland of Kollumerland c.a.; Kollumerlânsk en Pompstersk: Köllumerland en Nijkruusland; Kollumersk: Kollumerland en Nijkrúsland) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. It hie 12.853 ynwenners (30 april 2017) en besloech in gebiet fan 116,35 km², wêrfan 6,6 km² wetter. Kollumerlân ûntstie as gritenij yn 'e fjirtjinde iuw. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Kollumerlân en Nijkrúslân | |
---|---|
De mûne Rust Roest, by Muntsjesyl. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Kollumerlân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Bearn Bilker (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Kollum |
grutste plak | Kollum |
ynwennertal | 12.853 (2017) |
befolkingstichtens | 117,1 / km² |
oerflak | 116,35 km² |
● wêrfan lân | 109,75 km² |
● wêrfan wetter | 6,60 km² |
tal doarpen | 12 |
ferkearsieren | N355, N358 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Kollumerlân |
opheft | 2019 |
opgien yn | Noardeast-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0511, 0594 |
postkoade | 9291–9299, 9851–9853 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.kollumerland.nl |
Slute