Konstantyn III
From Wikipedia, the free encyclopedia
Konstantyn III, folút Flavius Claudius Constantinus (sa. 370 – 18 septimber 411) wie Romeinske keizer fan 407 oant 411. Hy kaam yn opstân tsjin rjochtmjittige keizer Honoarius en wurdt dêrom in usurpator neamd. Yn âlde Britske leginden komt er foar as in mytyske kening.