It Hûs fan Bernarda Alba
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hûs fan Bernarda Alba, yn it oarspronklike Spaansk: La Casa de Bernarda Alba, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It is ien fan syn meast ferneamde stikken en foarmet yn 'e mande mei De Bloedbrulloft en Yerma syn offisjeuze "Plattelânstrilogy". García Lorca skreau La Casa de Bernarda Alba yn 1936, en foltôge it op 19 juny fan dat jier, persiis twa moanne foar syn dea. It waard foar it earst opfierd yn 1945. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma is út 1989.
Fluch de feiten
It Hûs fan Bernarda Alba | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Casa de Bernarda Alba | |
auteur | Federico García Lorca | |
taal | Spaansk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1936 | |
1e opfiering | 1945 | |
rige | ||
rige | Plattelânstrilogy | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Hûs fan Bernarda Alba | |
publikaasje | 1989, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Slute