From Wikipedia, the free encyclopedia
Lincoln is in Ingelsk distrikt en stêd (city) yn it greefskip Lincolnshire, dêr't it ek de haadstêd fan is. De rivier de Witham rint troch de stêd.
Lincoln | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | East Midlands | |
Greefskip | Lincolnshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 89.700 (2010 rûsd) | |
Oerflak | 35,69 km² | |
Befolkingsticht. | 2500 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.lincoln.gov.uk |
Lincoln húsfestiget de Universiteit fan Lincoln, dy't earst yn 2001 har hjoeddeistige foarm krige.
In yn it jier 48 stifte it Romeinske Legio IX Hispana (9e legioen) in castra op it plak fan it Lincoln fan no. Yn 96 wurdt it legerkamp in Lindum Colonia, in plak foar Romeinske feteranen.
Fermoedlik wie Lincoln dêrnei it haadplak fan it angelsaksyske Keninkryk Lindsey.[1]
De Normandjers ûnder Willem de Oermasterder bouden yn 1068 it strategysk wichtige Lincoln Castle en fjouwer jier letter setten sy útein mei de bou fan de katedraal, dy't oant 1549 faaks it heechste bouwurk yn de wrâld wie.[2]. De stêd, op it krúspunt fan twa hannelswegen en in rivier, ûntjoech har ta in sintrum fan belang foar de wolhannel en de lekkenyndustry. Yn 1123 wie der in grutte stedsbrân yn Lincoln.
Fan de 14e iuw ôf hie de stêd te krijen mei in delgeande tiid dy't it earst yn de 19e iuw te boppe kaam mei it begjin fan de Yndustriële Revolúsje. Lincoln waard doe in yndustrystêd fan belang.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.