Marinus van der Lubbe
From Wikipedia, the free encyclopedia
Marinus (Rinus) van der Lubbe (Leien, 13 jannewaris 1909 - Leipzig, 10 jannewaris 1934) wie in Nederlânske kommunist dy't ta dea feroardield wie foar de brânstifting fan it Ryksdeigebou yn de Dútske haadstêd Berlyn op 27 febrewaris 1933. Hy wie it earste Nederlânske slachtoffer fan de nazys en syn die hie grutte gefolgen foar de wrâld. De nazys wûnen in wike letter de ferkiezings en setten út ein mei harren klopjacht op de kommunisten en sleaten harren op yn konsintraasjekampen. Nobelpriiswinner Albert Einstein naam troch de brân en fûnis fan Van der Lubbe stelling tsjin de nazys.