Nij-Hampshire
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nij-Hampshire (Ingelsk: New Hampshire; útspr.: [nu: 'hæmpʃəɹ], likernôch "nûû hempsjur"), offisjeel de Steat Nij-Hampshire (Ingelsk: State of New Hampshire), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Hampshire, byneamd de Granite State, leit yn it noardeasten, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Concord, mar de grutste stêd is Manchester. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 42e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Hampshire mei 24.217 km² de 46e steat. Nij-Hampshire stiet bekend om 'e New Hampshire Primary, ien fan 'e earste foarferkiezings fan 'e fjouwerjierlikse Amerikaanske presidintsferkiezingskampanje, en om syn bergen dêr't winterdeis skyd wurde kin.
Steat Nij-Hampshire State of New Hampshire | |
---|---|
flagge | wapen |
Live Free or Die (Ingelsk, "Libje Frij of Stjer") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | NH |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1788) |
haadstêd | Concord |
grutste stêd | Manchester |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 1.326.813 (2014) |
befolkingstichtens | 56,8 / km² |
oerflak | 24.217 km² (4,1% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Granite State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.nh.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nij-Hampshire. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nij-Hampshire (betsjuttingsside).