Nij Jeruzalimtsjerke (Emmeloard)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nij Jeruzalimtsjerke (Nederlânsk: Nieuw Jeruzalemkerk) is it tsjerkegebou fan 'e pleatslike gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) yn it doarp Emmeloard yn 'e Noardeastpolder. It gebou datearret út 1955 en wie oant 2006 yn gebrûk by de pleatslike gemeente fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De Nij Jeruzalimtsjerke stiet yn Emmeloard bekend om 'e gevelspreuk "… en de zee was niet meer", in bibeltekst út Iepenbiering 21:1, dy't yn 'e Flevolânske kontekst ek ferwiist nei it drûchlizzen fan it gebiet.
Fluch de feiten
Nij Jeruzalimtsjerke Nieuw Jeruzalemkerk | ||
bouwurk | ||
Oansjen út it súdeasten wei. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Flevolân | |
gemeente | Noardeastpolder | |
plak | Emmeloard | |
adres | Cornelis Dirkszplein 10 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerkegebou | |
boujier | 1954-1955 | |
arsjitekt | Willem Hyzazinth Verschoor | |
boustyl | modernisme | |
monumintale status | gjint | |
oare ynformaasje | ||
kosten | ƒ562.000 | |
offisjele webside | ||
www.pgemmeloord.nl | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Emmeloard.
|
Slute