Notre-Dame de Reims
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Notre-Dame fan Reims (Us-Leaffrou fan Reims) yn de Noard-Frânske stêd Reims is ien fan de wichtichste goatyske tsjerken fan Frankryk. Sûnt 1991 falt de katedraal ûnder it wrâlderfskip fan UNESCO. It as Monument histoarique klassifisearre gebou wie iuwenlang de tsjerke dêr't de Frânske keningen kroand waarden. Hjoeddedei is it de katedraal fan it aartsbisdom Reims. Alle jierren wer bringe hûnderttûzenen toeristen in besite oan de tsjerke en it religieuze keunstwurk is ien fan de grutste attraksjes fan de Champagne.
Us-Leaffrou fan Reims
Notre-Dame de Reims | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Grutte Easten | |
departemint | Marne | |
plak | Reims | |
adres | Place du Cardinal Luçon, 51100 Reims | |
koördinaten | 49° 15' N 4° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Reims | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw-14e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side katedraal Side aartsbisdom | ||
Kaart | ||
De as trijeskepige basilika boude katedraal wie, útsein de westlike gevel, al yn de 14e iuw (1211–1311) foltôge. De earste oerlevere boumastser hiet Hugo Libergier. De definitive foltôging folge yn de 15e iuw, nei't it skip langer makke waard om de minsken plak te bieden dy't by de kroanings útnûge wiene. By in brân yn 1481 waarden it dak en de tuorren slim skeind.
It meast opfallend oan de katedraal is de mei reliëfs en bylden dekorearre westlike gevel. It is in unyk foarbyld fan heechgoatyske, midsiuwske byldhoukeunst. De beide westlike tuorren mei in hichte fan 81 meter soene oarspronklik noch spitsen oant in hichte fan 120 meter krije. It haadportaal is oan de Jongfaam Marije wijd. Fuort boppe it portaal is noch binnen de goatyske spitsbôge fan it portaal in lytser roasfinster ynbrocht. Midden yn de westlike gevel is it grutte roasfinster ynbrocht. De galerij fan de kenings boppe it grutte roasfinster toant de doop fan Klovis I en de bylden fan syn opfolgers.
Yn 1870 ferliende paus Pius IX de katedraal de status fan basilica minor. De katedraal rekke slim skeind yn de Earste Wrâldkriich. Under oaren it houten dak út de 15e iuw gyng folslein ferlern. Yn 1919 waard mei de renovaasje úteinset, dy't 20 jier duorje soe.