Oker
From Wikipedia, the free encyclopedia
Oker is in natuerlik pigmint en de kleur fan dat pigmint. It wurd komt fan it Aldgrykske ὤχρα, ṓchra, fan ὠχρός, ōchrós, dat "bleek" betsjut. As pigmint komt it foar yn beskate klaaigrûnen en bestiet it út izerokside (oftewol roast) fermongen mei fariëarjende hoemannichten klaai en sân. As kleur komt it yn ferskate tinten foar, fan djiporanje of ljochtbrunich (readoker of reade oker) oant gielich (gieloker of giele oker). As sadanich kin oker beskôge wurde as in tint fan giel, brún of read.
Fluch de feiten
oker | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #CC7722 | |
RGBª (r, g, b) | (204, 119, 34) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 42, 83, 20) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Slute
- Dizze side giet oer de kleur en it pigmint oker. Foar de rivier yn Dútslân, sjoch: Oker (rivier).