Paolo Veronese
From Wikipedia, the free encyclopedia
Paolo Caliari (* 1528 yn Verona – † 19 april 1588 yn Feneesje), bekend ûnder de namme Paolo Veronese, wie in Italjaanske skilder yn de tiid fan de renêssânse. Hy is benammen bekend fanwegen de tige grutte doeken mei kristlike en mytologyske foarstellings lykas de "Brulloft yn Kana" (1563) en "It Feest yn it Hûs fan Levi" (1573).
Paolo Veronese | ||
Selsportret | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Paolo Caliari | |
oare namme | Paolo Veronese | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
berne | 1528 | |
stoarn | 19 april 1588 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Keunstskilder |
Mei Tytsiaan fan in âldere generaasje en Tintoretto wie Veronese ien fan de trije grutte keunstners, dy't de Fenesjaanske skilderkeunst fan de cinquecento en de lette-renêssânse yn de 16e iuw dominearren.
Bekend as skilder dy't him talei op kleureffekten en nei in perioade fan maniëristysk wurk ûntwikkele Paolo Veronese in troch Tytsiaan beynfloede naturalistyske styl fan skilderjen.
Syn meast ferneamde wurken binne ferhalende doeken, útfierd yn in dramatyske en kleurrike styl fol mei preal en arsjitekturale eleminten. Fral ferneamd binne de grutte skilderijen fan bibelske feesten mei tal fan persoanen, skildere foar de refters fan de kleasters fan Feneesje en Verona. Ek joech er fan de Feneesjaanske skilders de toan oan by it oanbringen fan fresko's op plafonds. It measte fan syn wurk bleau op it plak, of teminsten yn Feneesje. It wurk fan Veronese dat yn musea hinget binne benammen de lytsere skilderijen lykas portretten, dy't lykwols net altiten it meast typysk foar de skilder of ta it bêste fan syn wurk wurde rekkene.