Folkspartij (Spanje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Partido Popular (PP, Folkspartij) is een Spaanske kristendemokratysk-konservative politike partij. De partij waard oprjochte as "Alianza Popular" (Folksalliânsje) nei de dea fan diktator Franco troch syn minister fan Bûtenlânske Saken, Manuel Fraga. Yn it begjin befûn de partij him yn de marzje, mei lieders dy't besmet wienen troch harren ferline yn de diktatuer. De namme waard feroare yn Coalición Popular (Folkskoälysje) en úteinlik yn 1989 yn Partido Popular. Yn dat jier ferdwûn ek Fraga en ûnder syn opfolger José María Aznar waard de partij populêrder. Sûnt dy tiid is de PP mei de Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij (PSOE) ien fan de twa grutste partijen fan Spanje.
Mear ynformaasje Partido Popular ...
Partido Popular | |
---|---|
Partijlieder | Mariano Rajoy |
Partijfoarsitter | |
Oprjochting | 1989 |
Haadsit | Madrid |
Ledetal | 860.818 (2016) |
Jongereinorganisaasje | Nuevas Generaciones |
Rjochting | Sintrumrjochts oant rjochts |
Ideology | Konservatisme Kristendemokrasy Liberalisme |
Wittenskiplik buro | |
Europeeske fraksje | Europeeske Folkspartij |
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | Ynternasjonale Kristendemokraten, Ynternasjonale Demokratyske Uny |
Webside | www.pp.es |
Slute