Rûne Tafel
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Rûne Tafel is de legindaryske tafel út 'e Arthurleginden, dêr't kening Arthur en syn ridders oan oansieten. Sa't de namme al oanjout, wie dat in rûne tafel, sûnder haad of foet, sadat alle Ridders fan 'e Rûne Tafel, sa't se bekend kamen te stean, deselde rang hiene, en Arthur sels de earste ûnder syns gelikensen wie.