Spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns ferbynt de stêd Grins mei Bad Nijeskâns. It spoar bestiet sûnt 27 oktober 1868. It spoar wie yn it ferline ûnderdiel fan de steatsline B, dy't rûn fan Harns oant Nijeskâns. Utsein de monumintale stasjonsgebouwen is der noch in wichtich oantinken oan de histoarje fan Steatsline B lâns de line werom te finen: yn Bad Nijeskâns stiet noch de oarspronklike lokomotyfloads út 1876. Nei Bad Nijeskâns slút it spoar oan op it spoar yn Dútslân (Wiederline).