St. Paul (Minnesota)
From Wikipedia, the free encyclopedia
St. Paul of Saint Paul (útspr.: [se:nt pɔ:l], likernôch: "seent pôl"; Frysk: Sint-Paulus) is de haadstêd en de op ien nei grutste stêd (nei Minneapolis) fan 'e noardlike Amerikaanske steat Minnesota. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan it omlizzende Ramsey County. St. Paul leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de Kanadeeske grins, oan 'e eastigge fan 'e rivier de Mississippy. Mei it op 'e westigge leine Minneapolis foarmet St. Paul in dûbelstêd, de agglomeraasje Minneapolis-St. Paul, dy't better bekend is ûnder de oantsjutting the Twin Cities ("de Twillingstêden"). Neffens in offisjele skatting út 2012 hat St. Paul goed 290.000 ynwenners, dy't St. Pauliten neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch St. Paul, Minneapolis en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.
St. Paul | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Minnesota | |
County | Ramsey County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 290.770 (2012) | |
Oerflak | 145,5 km² (ynkl. wetter) 134,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.117,5 / km² | |
Stêdekloft | 3.422.264 (2012) | |
Hichte | 214 m | |
Oar | ||
Stifting | 1841 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 44°56′39″N 93°05′37″W | |
Offisjele webside | ||
www.stpaul.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan St. Paul yn Ramsey County en de steat Minnesota. |