Thomas Rowlandson
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thomas Rowlandson (Londen, july 1756 – dêre, 22 april 1827) wie in Ingelske keunstskilder en karikaturist.
Rowlandson studearre oan de Londenske Royal Academy of Arts en yn Parys. Letter jierren makke er ferskate reizen troch Europa, dêr't in soad tekenings fan oerbleaun binne (Naples and the Campagna Felice … ,1815). Rowlandson makke yn it earstoan portretten en lânskippen, mar dêrnei sette er ûnder ynfloed fan James Gillray en Henry William Bunbury útein mei it skilderjen fan karikaturen, dy't tige wurdearre waarden en dêr't in protte fraach nei wie.
Yn Poetical Magazine fan útjouwer Rudolph Ackermann (letter ek yn boekfoarm) ferskynden in protte fan syn kleurakwatinten, yllustraasjes by teksten fan William Combe lykas The Three Tours of Dr. Syntax (1809, 1812–21), The English Dance of Death, 2 dln. (1815–16)] en The Dance of Life (1817). De yllustraasjes by Microcosm of London (1808) makke er tegearre mei Augustus Charles Pugin, dy't arsjitektuerôfbylden foar syn rekken naam. Ingelske blêden drukten en ferspraten syn karikaturen en syn tekeningen yllustrearren boeken fan Henry Fielding, Tobias Smollett, Oliver Goldsmith en Laurence Sterne. Rowlandsons eroatysk-pornografyske ôfbylden binne ek no noch populêr by de leafhawwers.
Rowlandson stoar nei in lang siikbêd op 21 april 1827.