Yuma (Arizona)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yuma (Kokopa: Yuum) is in stêd yn it uterste súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Arizona, suver tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende Yuma County en leit yn 'e Yuma-woastyn, in krite dy't ta de gruttere Sonoara-woastyn heart. Yuma waard stifte yn 1864 en krige yn 'e tiid fan it Wylde Westen in beskate bekendheid as de lokaasje fan 'e beruchte Territoriale Finzenis fan Yuma. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie Yuma doe krapoan 96.000 ynwenners. As stêdekloft hie Yuma yn 2010 in befolking fan likernôch 135.000 ynwenners.
Fluch de feiten
Yuma | ||
It gerjochtsgebou fan Yuma County. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Arizona | |
County | Yuma County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 95.502 (2017) | |
Oerflak | 313,6 km² (ynkl. wetter) 313,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 304,5 / km² | |
Stêdekloft | 135.267 (2010) | |
Hichte | 43 m | |
Oar | ||
Stifting | 1864 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 32°41′32″N 114°36′55″W | |
Offisjele webside | ||
www.yumaaz.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Yuma yn Yuma County en yn 'e steat Arizona. |
Slute