From Wikipedia, the free encyclopedia
In aartsingel (fan it Grykske ἀρχάγγελος, archangelos, "haadingel", letterlik: "ingel fan 'e oarsprong") is in ingel fan 'e heechste rang. De term wurdt ornaris assosjearre mei de abrahamityske religyen, mar mytyske wêzens dy't tige sterk op aartsingels lykje, kinne fûn wurde yn ferskate oare godstsjinsten, lykas it soroästrisme.
Yn 'e Bibel komt it wurd 'aartsingel' mar twa kear foar, beide kearen yn it yn it Gryksk skreaune Nije Testamint. Yn 1 Tessalonikers 4:16 stiet: "De Hear sels sil ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan 'e himel en dy't yn Kristus stoarn binne, sille earst út 'e dea ferrize." En yn Judas 1:9 stiet: "Mar doe't Michael, de aartsingel, mei de duvel stried en iggewearre om it lyk fan Moazes doarst er dy net mei lasterjende wurden te feroardieljen, nee, hy sei: 'De Hear mei dy bestraffe.' " Yn it Alde Testamint is de oare mar korrespondearjende oantsjutting yn it Hebriuwsk ek te finen op twa plakken. Yn Daniël 10:13 stiet: "De foarst út it keninkryk Perzje stie ienentweintich dagen foar my oer. Mar sjoch: Michael, ien fan 'e foarnaamste foarsten, kaam om my te helpen." En yn Daniël 12:1 stiet: "Yn dy tiid sil Michael, de grutte foarst, him oppenearje [...]".
Hoefolle aartsingels oft der krekt binne en hoe't hja hjitte is ûnderwerp fan strideraasje.
Ferskate restorative protestantske denominaasjes hâlde der ôfwikende stânpunten oer aartsingels op nei. De sânde-deisadvintisten leauwe dat sawol de namme 'Michael' as de term 'aartsingel' in titel is fan Jezus Kristus. Dy ferwiist neffens harren lykwols inkeld nei syn funksje as oanfierder fan 'e ingels en seit neat oer syn natuer, dy't folslein godlik wêze soe. De Jehova's tsjûgen leauwe ek dat 'Michael' in oare namme is foar Jezus. De mormoanen fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen leauwe dat der mar ien aartsingel is, Michael, dy't oarspronklik de earste minske wie, Adam.
Bûten de abrahamityske religyen wurde bygelyks yn it soroästrisme seis grutte amesja spenta fan 'e Ahoera Mazda (God) identifisearre. Dy wêzens kinne rûchwei lykslein wurde mei aartsingels.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.