Adirondackberchtme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Adirondackberchtme (Ingelsk: the Adirondack Mountains) of koartwei de Adirondacks (útspr.: [ædɪˈɹɒndæk(s)], likernôch: "ah-di-ran-dek(s)", -ran- rymt op "man") is in berchmassyf yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat New York. Dit berchtme makket diel út fan 'e Appalachen en grinzget oan oare dielen fan dy folle gruttere berchkeatling, lykas it Catskillberchtme, de Taconics en de Griene Bergen fan Nij-Ingelân. It heechste punt fan 'e Adirondacks wurdt foarme troch de Mount Marcy, dy't mei in hichte fan 1.629 m de boarne is fan 'e rivier de Hudson.
Fluch de feiten
Adirondackberchtme | ||
berchtme | ||
It Adirondackberchtme, sjoen fan 'e top fan 'e Whiteface Mountain ôf. | ||
geografy | ||
diel fan | de Appalachen | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York | |
sifers | ||
oerflak | 13.000 km² | |
lingte | 260 km | |
breedte | 260 km | |
heechste punt | Mount Marcy | |
hichte | 1.629 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
âldens | 2 miljard jr. | |
stiensoarte | sedimintêr stiente | |
kaart | ||
Lizzing yn New York.
|
Slute