![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/98/AlanRickmanDec2009.jpg/640px-AlanRickmanDec2009.jpg&w=640&q=50)
Alan Rickman
From Wikipedia, the free encyclopedia
Alan Rickman (folút: Alan Sidney Patrick Rickman; Londen, 21 febrewaris 1946 – dêre, 14 jannewaris 2016) wie in Britsk akteur en regisseur, dy't in protte op 'e planken stie, mar by it grutte publyk benammen bekend waard mei syn filmrollen. Dêrby spile er faak de smjunt, lykas de oer liken geande dief Hans Gruber yn 'e aksjefilm Die Hard, de sheriff fan Nottingham yn 'e aventoerefilm Robin Hood: Prince of Thieves en Severus Sneep yn 'e Harry Potter-filmrige. Yn oarsoartige rollen wie Rickman te sjen yn û.m. it kostúmdrama Sense and Sensibility, de histoaryske tillefyzjefilm Rasputin: Dark Servant of Destiny en de mozaykkomeedzje Love Actually. Hy wûn yn 1991 in BAFTA en yn 1996 in Emmy Award en in Golden Globe. Rickman kaam begjin 2016 te ferstjerren oan kanker.
Alan Rickman | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alan Sidney Patrick Rickman | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 21 febrewaris 1946 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 14 jannewaris 2016 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
jierren aktyf | 1978 – 2016 | |
prizen | BAFTA 1991 Emmy Award 1996 Golden Globe 1996 | |
offisjele webside | ||
Alan Rickman yn 'e IMDb |