Alfred Korzybski
From Wikipedia, the free encyclopedia
Alfred Korzybski (3 july 1879 - 1 maart 1950) is de grûnlizzer fan it fakdiel de algemiene semantyk.
Greve Korzybski waard berne yn Warsjau, Poalen, as soan fan rike aristokratyske âlden. Yn de Earste Wrâldoarloch focht hy yn 1914 yn it Russyske leger. Yn 1915 waard hy nei Kanada stjoerd as artillery-deskundige fan it Russyske leger. Hjir learde hy Ingelsk, de taal wêryn't hy syn measte wurken publisearje soe. Syn oarlochsûnderfiningen setten him oan it tinken oer de ferskillen tusken minsk en bist en de manier wêrop yntelliginsje fan de bisten him ûnderskiedet.