Anna Louisa Geertruida Bosboom-Toussaint
From Wikipedia, the free encyclopedia
Anna Louisa Geertruida Bosboom-Toussaint (Alkmar, 16 septimber 1812 - De Haach, 13 april 1886) wie in Nederlânsk skriuwster fan histoaryske romans en -novellen. In stikmannich fan har novellen ferskynden earst yn De Gids of yn Nederland en oare tydskriften en jierboekjes. Fierders publisearre Bosboom-Toussaint noch ferskate novellen en losse geskriften yn tydskriften en fersprate jierboekjes. In nije samling fan al har romantysk wurk ferskynde sûnt 1884 yn Den Haach.
Bosboom hat in skoft by har beppe yn Harns wenne. Hja krige dêr les fan Froukje Herbig dy't har yn de kunde brocht mei de Nederlânske literatuer en Jeropeeske literatuer.
Sy troude yn 1851 mei de Nederlânske skilder Johannes Bosboom