Aquaman (film)
film út 2018 fan James Wan / From Wikipedia, the free encyclopedia
Aquaman is in Amerikaanske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan James Wan, mei yn 'e haadrollen Jason Momoa en Amber Heard. De titel fewiist nei de superheld Aquaman, út 'e strips fan DC Comics. Dyselde is de oerwûne soan fan 'e keninginne fan it ûnderseeske ryk Atlantis en in fjoertoerwachter. Hy moat nei it lân fan syn mem gean om syn healbroer, kening Orm, tsjin te hâlden, dy't in allesferneatigjende oarloch tsjin 'e boppeseeske wrâld begjinne wol. Aquaman wie de sechsde film yn 'e rige fan it DC Extended Universe; hy folge as sadanich op Justice League, út 2017, en gie foarôf oan Shazam!, út 2019. In direkt ferfolch op 'e film, Aquaman and the Lost Kingdom, wurdt ferwachte yn desimber 2022. Aquaman ûntfong fan 'e filmkritisy mingde oant positive resinsjes, en woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses.
Aquaman | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | James Wan | |
produsint | Peter Safran Rob Cowan | |
senario | David Leslie Johnson-McGoldrick Will Beall | |
basearre op | Aquaman fan DC Comics | |
kamerarezjy | Don Burgess | |
muzyk | Rupert Gregson-Williams | |
filmstudio | Warner Bros. DC Films Cruel and Unusual Films The Safran Company Mad Ghost Productions RatPac Entertainment | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Jason Momoa Amber Heard | |
voice-over | Jason Momoa | |
byrollen | Nicole Kidman Temuera Morrison Willem Dafoe Patrick Wilson Dolph Lundgren Yahya Abdul-Mateen II | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 novimber 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 143 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $160-200 miljoen | |
opbringst | $1.147,7 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | DC Extended Universe | |
● foarich diel | Justice League | |
● folgjend diel | Shazam! |