Aristofanes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Aristofanes (yn it Aldgryksk: Ἀριστοφάνης; Atene, ±446 f.Kr. – Delfy, ±386 f.Kr.) wie in ferneamd Ateensk toanielskriuwer yn it âlde Grikelân. Syn oeuvre bestie út it doedestiden nije sjenre fan 'e komeedzje, dêr't er yn syn libben likernôch fjirtich fan skreau. Alve dêrfan binne folslein of frijwol folslein oerlevere, wylst fan oaren fragminten bewarre bleaun binne. Syn wurken binne de iennichste wiere foarbylden fan 'e âlde komeedzje, en foarmje sadwaande de definysje fan dat subsjenre. Aristofanes wurdt wol de "Heit fan 'e Komeedzje" neamd. As gjin oar lei hy it deistich libben yn it âlde Atene yn syn wurken fêst. Syn flymskerpe spot waard troch foaroansteande tiidgenoaten freze.
Fluch de feiten
Aristofanes | ||
skriuwer | ||
Aristofanes (in yllústraasje op grûn fan in búste dy't by Tuskulum fûn is). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Aristofanes (Ἀριστοφάνης) | |
nasjonaliteit | Ateensk | |
berne | ±446 f.Kr. | |
berteplak | Atene (Attika) | |
stoarn | ±386 f.Kr. | |
stjerplak | Delfy (Fosis) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | toaniel, poëzij | |
perioade | Klassike Aldheid | |
streaming | âlde komeedzje | |
bekendste wurk(en) | Eirēnē ("Frede") Ornithes ("Fûgels") Lysistrata | |
jierren aktyf | 427 – 386 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute