Harkboek
From Wikipedia, the free encyclopedia
In harkboek, ek wol 'audioboek' as 'sprutsen boek' neamd, is in lûdsregistraasje fan it foarlêzen fan in boek. Yn it kommersjele ferkear wurdt in harkboek útbrocht op kompaktskiven, of as triemmen dy't nei beteljen middels ynternet delladen wurde kinne. Ek binne der wol guon fergees del te laden yn mp3-foarm.