![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/b/b6/Wytmarsum_Aylva_State_1722_Troch_J_Stellingwerf.jpg/640px-Wytmarsum_Aylva_State_1722_Troch_J_Stellingwerf.jpg&w=640&q=50)
Aylvastate (Wytmarsum)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Aylvastate stie yn Wytmarsum yn de gemeente Wûnseradiel, oan de eardere haadwei fan Boalsert nei Harns, wat súdeastlik fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke. Op it stee stiet no in filla.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/b/b6/Wytmarsum_Aylva_State_1722_Troch_J_Stellingwerf.jpg/320px-Wytmarsum_Aylva_State_1722_Troch_J_Stellingwerf.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/4/49/Aylva_State_te_Witmarsum._1925-35.jpg/640px-Aylva_State_te_Witmarsum._1925-35.jpg)
De stins wurdt al neamd yn 1421 as Tjaert Aylva (útspraak: Tjeerd Aalwa) de stins neilit oan syn soan Epo Aylva dy't troud wie mei Wick Sickema. Wick ferstoar op 26 maart 1475 en nei kaam oant 1515 beppesizzer Epo fan Aylva op de stins.
Yn 1747 waard de âlde stins ôfbrutsen en ferfongen troch in moderne bûtenpleats. Yn 1804 waard Aylva State iepenbier ferkocht.
Tjepke Mulier wenne op de state ûnder syn amtsperioade as grytman (1850-1851) en boargemaster (1851-1867). Yn 1860 liet er de state noch ferbouwe. Ein 19e iuw waard de famylje Ypey eigener. Dy liet it gebou yn 1900 ôfbrekke en in filla op it stee sette.
Yn 1960 waard de filla troch de destiidske eigener, de widdo Ypey-Terpstra, ferkocht oan de R.K. Zusterscongregatie Zusters van Liefde út Schijndel. Dy liet der in âldereinhûs sette.