Bûnte Sturt
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bûnte Sturt (Lakota: Siŋté Glešká, útspr.: [sĩ'te: 'ɡleʃka:]; Ingelske oersetting: Spotted Tail; 1823 – 5 augustus 1881), wie in opperhaad fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't er yn syn jonkheid in grut kriger wie, kaam er al gau ta de konklúzje dat wapene ferset tsjin 'e Amerikaanske kolonisaasje fan Yndiaansk lân nearne ta liede koe. Ynstee ûntjoech er him ta in steatsman, wêrby't er him kear op kear útspriek foar frede, mar tagelyk fûleindich de rjochten fan syn folk ferdigene. Hy stiet der yn it bysûnder om bekend dat er him ynsette foar ûnderwiis foar Yndiaanske bern. Hy waard úteinlik deasketten troch in oare Yndiaan; oer de eftergrûnen fan syn moard geane ferskillende ferhalen.
Bûnte Sturt | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Siŋté Glešká | |
oare namme | Spotted Tail | |
berne | 1823 | |
berteplak | westlik Súd-Dakota | |
stoarn | 5 augustus 1881 | |
stjerplak | yn it Rosebud Yndianereservaat (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Brulee | |
jierren aktyf | ±1850 – 1881 |