Bad Tölz-Wolfratshausen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lânkring Bad Tölz-Wolfratshausen is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Beieren en waard yn 'e hjoeddeiske foarm yn 1972 oprjochte troch de gearfoeging fan 'e eardere lânkringen Bad Tölz en Wolfratshausen. De Schafreuter is mei in hichte fan 2.102 m boppe seenivo ien fan 'e heechste toppen fan 'e Vorkarwendel. De krite stiet toeristysk bekend as Tölzer Land.
Lânkring Tölz-Wolfratshausen | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 129.511 (2022) | |
Oerflak | 1.110,66 km² | |
Befolkingsticht. | 117 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Beieren | |
Regierungsbezirk | Oberbayern | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Prof.-Max-Lange-Platz 1 83646 Bad Tölz | |
Koördinaten | 47° 43' N 11° 28' E | |
Oprjochting | 1972 | |
Yndieling | 21 gemeenten | |
Kenteken | TÖL, WOR | |
Kreiskaai | 09 1 73 | |
Webside | www.lra-toelz.de |
Fan súdwest nei noard streamt de rivier de Isar, dy't fan in berchrivier oergiet yn in brede rivier en by Icking rjochting München streamt.
Kreisstadt is it kuerplak Bad Tölz, alhoewol't yn 'e eardere Kreisstadt Wolfratshausen ferskillende tsjinsten fan 'e lânkring bleaune. It ekonomyske sintrum en tagelyk de grutste stêd fan 'e lânkring is Geretsried, dy't nei de Twadde Wrâldkriich troch it gearfoegjen fan ferskillende oare gemeenten oprjochte waard.