Balsport

From Wikipedia, the free encyclopedia

Balsporten binne ienfâldichwei sporten dy't mei in bal, of soksawat, spile wurde. It grutste part fan dizze sporten binne sporten dêr't direkte ynteraksje tusken de spilers it wichtigst is, mar dêr't winst berikt wurde moat troch it spyljen fan de bal, ynstee fan de direkte krêftmjitting fan de fjochtsport. Ta dit part hearre de doelsporten de slachsporten. De tredde groep fan balsporten wurdt foarme troch miksporten dy't mei in bal spile wurde, al hat net eltse sport dêrby likefolle ynteraksje mei de tsjinstanner.

2009_Women%27s_British_Open_-_Suzann_Pettersen_%2830%29.jpg
Balsport, golfster Suzann Pettersen