Barbara fan Nikomeedje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Barbara fan Nikomeedje wie in kristlike jongfaam dy't oan it begjin fan de 4e iuw de martlersdea ferstoar. Neffens de oerlevering wie hja de dochter fan de rike heiden Dioscurus. Om 't se steech wegere it kristlike leauwe op te jaan waard se nei tamtaasje troch har eigen heit ûnthalze. Se soe yn it Lyts-Asiatsyske Nikomeedje, it tsjintwurdige İzmit, wenne ha. Neffens in oare tradysje libbe hja lykwols yn de Colonia Heliopolis (it tsjintwurdige Baalbek yn Libanon). Yn otterdokske en katolike tsjerken wurdt Barbara as hillige fereare.
Fluch de feiten
Barbara fan Nikomeedje | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
berteplak | Nikomeedje (hjoeddedei İzmit) of Heliopolis (hjoeddedei Baalbek) | |
stjerdatum | 306 | |
stjerplak | Nikomeedje of Heliopolis | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke guon protestantske tsjerken Koptysk-Otterdokse Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
hjeldei | 4 desimber | |
attributen | Toer, swurd, tsjelk, hosty, martlerskroan, palmtûke | |
patroan fan | Mynwurkers, arsjitekten, brânwar, klokkenlieders en -jitters, finzenen, timmerlju |
Slute