Batthyany's Dea
From Wikipedia, the free encyclopedia
Batthyany's Dea is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst los publisearre yn 1849, mar letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma gearfoege ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Batthyany's Dea is tagelyk in treurdicht foar Lajos Batthyány, de earste premier fan Hongarije, dy't nei de Hongaarske Opstân fan 1848 terjochtsteld waard, en in protestliet oer dy gong fan saken. It is dúdlik út 'e tekst dat Halbertsma him tige oer dizze kwestje opwûn; net inkeld beklaget er him yn dit fers oer de dea fan Batthyany, mar hy driget ek de ferantwurdliken mei ferjilding. It gedicht hat as ûndertitel Ut de Oarloch fan Eastenryk jin Hongarije, en is datearre "Grou, 2 novimber 1849" (krapoan in moanne nei de eksekúsje fan Batthyány op 6 oktober fan dat jier).
Batthyany's Dea | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Eeltsje Hiddes Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | gedicht | |
1e publikaasje | 1849, Ljouwert | |
bondel | Rimen en Teltsjes (sûnt 1871) |