From Wikipedia, the free encyclopedia
Michaïl Sergejevitsj Gorbatsjov (Russysk: Михаил Сергеевич Горбачёв, Privolnoje, 2 maart 1931 – Moskou, 30 augustus 2022) wie de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. Hy wie de lêste sekretaris-generaal fan it Sintraal Komitee fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (1985-1991), de lêste foarsitter fan it Presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1988-1989), dêrnei de earste foarsitter fan de Heechste Sovjet fan de USSR (1989-1990) en de iennige presidint fan de USSR ea (1990-1991).
Yn de tiid fan it regear ûnder Gorbatsjov fûnen der yngreven feroarings plak, dy't de hiele wrâld beynfloeden en in rige fan histoaryske barrens feroarsaken: de 'perestrojka' (in massive herfoarming fan it Sovjet-systeem), de yntroduksje yn de USSR fan it belied fan 'glasnost', it nije politike tinken, frijheid fan parse en mieningsutering, de yntroduksje fan demokrasy, de herfoarming fan de planekonomy yn 'e rjochting fan de merkekonomy, de ein fan de Kâlde Kriich, it weromlûken fan de Sovjet-troepen út Afganistan (1989), de Fal fan it Izeren Gerdyn en it ynstoarten fan de USSR en it Warsjaupakt.
Njonken in grut tal oare ûnderskiedings en earetitels krige Gorbatsjov yn 1990 foar syn rol yn it beëinigjen fan de Kâlde Kriich de Nobelpriis foar de Frede.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.